Nije start foar Krite Grou
GROU - Kulturiele feriening Krite Grou komt wer ta libben. Yn jannewaris 2018 wurdt troch it eigen Kritetoaniel wer in stik opfierd. It is dan acht jier lyn dat it Kritetoaniel foar it lêst op de planken stie. Troch allerhanne omstannichheden slagge it dêrnei net mear, mar no giet it wer los.
Kritetoaniel Grou hie yn Fryslân destiids in grutte namme en spile yn de toanielkriich fan Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) faak om de heechste plakken. Spilers as Freark Smink en Klaasje Postma binne har karriêre by de Krite yn Grou begûn.
De tariedings foar de nije start binne yn folle gong. It blijspul ‘Bravo!!’, skreaun troch Haye van der Heyden, sil op 19 en 20 jannewaris 2018 útfierd wurde by restaurant Oan ’t Wetter yn Grou. Ald-Grouster Anja Steegstra hat it stik yn it Frysk oerset en docht ek de rezjy. >>>