Nije start foar Krite Grou
GROU - Kulturiele feriening Krite Grou komt wer ta libben. Yn jannewaris 2018 wurdt troch it eigen Kritetoaniel wer in stik opfierd. It is dan acht jier lyn dat it Kritetoaniel foar it lêst op de planken stie. Troch allerhanne omstannichheden slagge it dêrnei net mear, mar no giet it wer los.
Kritetoaniel Grou hie yn Fryslân destiids in grutte namme en spile yn de toanielkriich fan Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) faak om de heechste plakken. Spilers as Freark Smink en Klaasje Postma binne har karriêre by de Krite yn Grou begûn.
De tariedings foar de nije start binne yn folle gong. It blijspul ‘Bravo!!’, skreaun troch Haye van der Heyden, sil op 19 en 20 jannewaris 2018 útfierd wurde by restaurant Oan ’t Wetter yn Grou. Ald-Grouster Anja Steegstra hat it stik yn it Frysk oerset en docht ek de rezjy. >>>
Yn septimber 2016 like it der noch op dat Krite Grou, oprjochte yn 1875, ophâlde soe te bestean om’t der gjin bestjoersleden mear beskikber wiene. Dat wie de eare fan de Grousters lykwols tenei en yn desimber koe in nij entûsjast bestjoer fan sân minsken ynstallearre wurde. Krite Grou wie rêden. It nije bestjoer hat yntusken in kultureel programma foar it kommende winterskoft gearstald mei foarstellingen fan J&M Teaterwurk (Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018), Achmea Culpa (Kredyt), Bauke van der Woude (kofjekonsert) en in Fryske filmjûn mei filmer Auke de Witte.