Ynstjoerd: Nij meanbehear, Grou wurdt kleurriker!
July 2024, bloeiende planten op de griene stripe tusken Nijdjip en Abbema.
It giet de goeie kant út mei it stribjen nei mear blommen yn Grou en sa ek mear plak foar ynsekten. Yn de gemeentlike gersstripen is de feroaring yn it tinken oer it behear fan it grien dúdlik te sjen!
Dat dizze nije wize fan tinken diskusje opropt is rûnom waar te nimmen. Nei generaasjes lang meanen binne de minsken wend rekke oan glêdskearde fuotbalfjildsjes.
Troch it nije meanbehear sil op de gersfjilden wer mear de fariëteit fan de oarspronklike soarten ta bloei komme. In koarte ynventarisaasje levere al de folgjende fiifentweintich soarten op: reade klaver, wite klaver, rolklaver, ingelwoartel, raaigers, soerstâlen, kamille, reid, reidgers, bûterblommen, skieppeblomkes, weversblêd (weegbree), griene kêdeblom (streepzaad), biggekrûd, sulverblêd, skieppegerf (duizendblad), bijekuorke (brunel), timoteegers, ikkerstikel, greppelgers, persikkrûd, swarte moster, molketiksel, hynsteblom ensfh.
Grou wurdt kleurrike
Cees van der Meulen, Grou.