Sjoch nei diel 2 fan it Sint Piter Sjoernaal!
GROU - Hjoed it twadde diel fan it Sint Piter Sjoernaal. Sytske hat yn in flesse út de Pikmar in brief fûn mei -sa't it liket- net al te bêst nijs fan Sint Piter en Swarte Pyt. Troch wat útrûne inkt is net alles goed te lêzen. Se prebearret it by skjinmakker Peter Jagersma en hoarekaman Ronald Visser, mar dy't kinne har net helpe mei it fuortheljen fan de inktplakken. Yn de jachtweide fan Oostergoo komt Sytske boargemaster Buma tsjin..