Krite Grou lit foarstelling Jeugdtoaniel falle
GROU - De jeugdspilers fan Krite Grou soene harren ienakters opfiere op freed 9 en sneon 10 oktober yn Hotel Oostergoo. Mar nei oanlieding fan de nije corona-maatregels hat it Kritebestjoer dêr in oantal besluten yn nimme moatten.
Om te foarkommen dat der tefolle minsken by oanwêzich binne, binne der per jeugdspiler noch mar 2 famyljeleden ofwol taskôgers tastien op sneon 10 oktober. De foarstelling fan freed 9 oktober komt dus te ferfallen. Wa't hjirfoar kaarten hat, kin syn of har jild werom krije. De twa ienakters ‘Fakânsje’ en ‘Net foar de Poes’ fan de jeugd kinne wol besjoen wurde, want op sneontejûn 10 oktober komt der in iepenbiere en fergese livestream fia it account fan Krite Grou op Facebook. Elkenien kin dan nei de aktearkeunsten fan de jeugd sjen!