29
sept
Jiergearkomste Krite Grou ôfsein
GROU - De jiergearkomste fan Krite Grou, dy’t tongersdei 1 oktober hâlden wurde soe, giet net troch. “Dit fanwege de nije coronaregels”, sa lit bestjoerslid Femke van Heijnsbergen witte. “Tige spitich, want nei de fergadering soe skriuwer en sjoernalist Auke Seldenrust syn bysûndere ferhaal oer in Joadske brulloft yn Ljouwert fertelle”. Fan dy brulloft yn 1939 waard in film makke dy’t mei oare dokuminten yn in koffer bedarre. Dy waard pas goed 60 jier letter iepene. Auke stuitte tafallich op it ferhaal fan de brulloft en de koffer en yn 2018 kaam syn boek ‘De Joodse Bruiloft, een koffer vol oorlogsgeheimen’ út. Dat foarme ek de basis foar de teaterfoarstelling De Joodse Bruiloft.