Ofwikseljend winterskoft by Stifting Grou
GROU - Stifting Grou hat foar it winterskoft 2024-2025 wer in moai ôfwikseljende wurklist gearstald.
Tongersdei 7 novimber:
Dit winterskoft begjint mei de skiednis oer in Grouster boer. Meine Siebenga docht ferhaal oer it melken mei de hân op de pleats yn Grou, nei it robotmelken yn de polder by Lelystêd. Nei it skoft oandacht foar de dûnsmusyk út de jierren 60. De seal wurdt in bytsje rommer makke foar 'Bauke’s Bluesband'! Bauke de Jong sil mei syn soannen Remko en Hendrik Jan, omkesizzer Romke de Jong en oaren, spylje. It ferhaal fan de Bluesband sil dien wurde troch Klaas van den Berg.
Tongersdei 12 desimber:
Wêr komme de paden fan bankman Jan Feike Hoekstra en amtner Pieter Engelsma byelkoar? In apart ferhaal fan twa Grouster jonges. We binne tige benyd.
Tongersdei 16 jannewaris:
Wytze Kaastra sil fertelle oer syn bedriuw Indu-Con.
Nei it skoft krije Jan Sikke en Teatske Jongsma it wurd. 30 jier belutsenheid efter de skermen fan Sint Piter en it mearke. Se nimme de stipere fan Stifting Grou mei yn de tarieding en oankomst fan Sint Piter en fansels it mearke sjoen fanút it schminken en it fersoargjen fan de klean.
Tongersdei 6 maart:
De lêste jûn fan dit winterskoft sil Lutske Melein-Kooiker fertelle oer it libben fan har heit Wytze Kooiker (1928-2023, sjoch foto). Nei it skoft fertelt Lútsen Melein, skoansoan fan Wytze Kooiker, oer de skiednis fan it Transportbedriuw Kooiker.