Wouter de Vries opholden as foarsitter Krite Grou
GROU - Tongersdei wie de jiergearkomste fan Krite Grou yn seal Oostergoo. It bestjoer wie d'r tige mei ynnommen om elkoar wer ris 'live' te sjen en wie bliid mei de opkomst.
Oer it ôfrûne jier koe it bestjoer koart wêze; troch Corona wie allinnich it jeugdtoaniel yn beperkte foarm trochgien. D'r binne dan ek in tal foarstellings fan foarich seizoen trochskood nei it programma fan kommend seizoen. De oanwêzige leden joegen oan dat it bestjoer in moai programma gearsteld hat. De bestjoersleden fûnen dat fijn om te hearren en ha d'r tige nocht oan om harren wer yn te setten om kultuer dichtby hûs te bringen!
It wie ek in jûn fan ôfskied nimme, want Nynke Beetstra waard bedankt foar har grutte ynset as skriuwster, en foarsitter Wouter de Vries waard yn it sintsje setten omdat hy foar de lêste kear de rol as foarsitter hie. Hy hat in tankwurd hâlden en de foarsittershammer trochjûn oan de nije 'interim' foarsitter Githe van der Meulen (foto).
Nei it skoft wienen ek net-leden wolkom en krigen de toanielspilers Jan Arendz en Marijke Geertsma it wurd. Sy fertelden prachtige anekdoates en namen de 40 oanwêzigen mei 'fan skript oant foarstelling'.