Tryater spilet yn hal fan Van Vuuren
GROU - Tonielselskip Tryater spilet teaterstik Doarp Europa op plakken dêr’t minsken har eigen fiele: yn húskeamers én by bedriuwen. Want wenje en wurkje drage by oan de foarming fan ús identiteit. Tryater wie al te gast yn de húskeamers fan Peter van den Broek en Fraukje Bruggink yn Grou.
Op sneon 20 oktober om 20:00 oere en snein 21 oktober om 15:00 oere is de foarstelling Doarp Europa yn gearwurking mei de Krite Grou te sjen by Van Vuuren BV oan de J.W. de Visserwei 5 yn Grou. Kaarten dêrfoar binne hjir te keap.
It doarp Grou is nau ferbûn mei ‘it houtsjefabryk’, dêr’t pallets en doarren makke waarden. Yn 1981 wurken der noch 450 minsken. Dêrnei stagnearre de produksje en waard it bedriuw oernommen. Sûnt 1993 makket Van Vuuren BV doarren foar projekten yn binnen- en bûtenlân. Sa eksportearje sy harren doarren nei û.o. Dútslân, België en Grut-Brittannië mar bliuwe tagelyk ek de lokale bannen wichtich.