23
feb
Tige slagge Sint Pitermiddei UVV Grou
GROU - Op 21 febrewaris wie de Sint Pitermiddei fan de UVV Grou. By de Carel van Roorda State en yn De Boldert wie der waarme sûkelademolke, wiene der in hiel soad pipernuten, sûkeladeletters en fansels muzyk van Symon Odinga. Om 15.30 oere kamen Sint Piter en Aldemar ek noch op besite. In wier hichtepunt fan dizze middei. Sa’n 40 minsken ha fan dizze besite genietsje kinnen.
Dan noch de útslach fan de pipernuteriederij. Yn de glêzen faas sieten 587 pipernuten. De prizen binne deselde middeis útdield.
De organisaasje fan de Sint Pitermiddei hopet dat dizze takom jier wer yn Oostergoo hâlden wurde kin.