06
nov
Swarte Pyt nimt ôfskie mei ansichtkaart
GROU - Swarte Pyt hat mei in ansichtkaart ôfskie fan de Grousters nommen. De kaart wurdt hjoed en moarn hûs-en-hûs yn Grou rûnbrocht. Hjirop skriuwt Swarte Pyt dat er op in aventoerlike wrâldreis giet en dêr in protte sin oan hat. “Ek al bin ik op reis, do kinst my altyd in kaart of in brief stjoere”, sa skriuwt Swarte Pyt. De post kin yn in spesjale brievebus yn it keapsintrum dien wurde.