Stafofficier ‘vliegtuigberging’ sprekt op deadebetinking
GROU - Op woansdei 4 maaie is der wer in betinking fan sy dy’t fallen binne foar ús frijheid.
It programma: om 19.20 oere is de blomlizzing by it monumint by it âlde riedhûs. Dêrnei de stille tocht oer it hôf en blommen lizze by de grêven. De betinking is dit jier yn de doopsgezinde tsjerke en begjint om 20:00 oere mei 2 minuten stilte.
Nei de iepening stekt ien fan de skoalbêrn de kears oan. Der is fiif kear sang fan Damesakkoord en bêrn fan groep 7 en 8 fan de Grouster basisskoallen lêze gedichten foar.
Sprekker is dizze kear majoor Bart Aalberts, stafofficier vliegtuigberging fan Defensie. Aalberts joech lieding oan ferskate opgravingen en bergingen fan yn de 2e wrâldoarloch delstoarte fleantúgen.
Dêrnei sjonge alle oanwêzigen steand it Frysk folksliet en by it ferlitten fan de tsjerke sjongt Damesakkoord ‘We'll meet again’.
By de doar is in kollekte om de kosten mei te dekken.