21
feb
Sint Piter en Aldemar mei hurde wyn wer útswaaid
GROU - Sint Piter en Aldemar ha fan ‘e middei ôfskie nommen fan de Grouster bêrn en grutte minsken. Loko-boargemaster Hilde Tjeerdema swaaide harren út. Der stie wer in kâlde, hurde wyn mar dochs wiene der in protte minsken nei de Nieuwe Kade kommen. “Der sille wol in protte beammen omwaaid wêze yn de Alde Feanen”, sa ferwachte Aldemar. “Ik hoopje dat myn beamhutte der noch wol is”. Aldemar wurdt troch de boat fan Sint Piter by syn hutte yn de Alde Feanen ôfset. Dan fart de boat troch nei Spanje, wêr’t Sint Piter it kommend jier yn syn residinsje bykomt fan it moaie feest yn Grou.