10
feb
Sjoch nei de oankomst fan Sint Piter en Aldemar
GROU - Sint Piter en Aldemar binne wer yn Grou. Se waarden troch hûnderten bêrn en ek folwoeksenen wolkom hjitten.
Op it plein rôp Sint Piter Sjoerdsje Andringa en Symon Odinga mei in ferlechje op it poadium. Se waarden beide beneamd ta Sint Pitergenoat en mochten in moai wandboerd yn ûntfangst nimme. Sjoerdsje is 'genoat’ wurden ûnder oare foar har wurk yn de bakkerij, se hat tûsenden pipernúten bakt en ferkocht. Ek makket se al jierren diel út fan de frijwilligersgroep fan Sint Piterkomitee.
Symen Odinga set syn musikale talinten yn foar it Sint Piterfeest. Ek wie der spiler yn mearkes en jierrenlang ‘opperswaaier’ by de oankomst.
Sjoch de fideo.