Nijsgjirriche winterjûnen foar stipers Stifting Grou
GROU - It bestjoer fan Stifting Grou hat foar it winterskoft 2019-2020 wer 4 nijsgjirriche jûnen foar har stipers gearstald.
Op tongersdei 7 novimber sil Bauke Lageveen ynsjoch jaan yn syn grutte samling oer Grou. Hy sil it û.o. ha oer syn kolleksje ansichtkaarten, carte de viste, kaartenútjowers en de fotografen. Tongersdei 12 desimber sil âld-doarpsgenoat Foppe de Haan û.o. fertelle oer syn jonge jierren yn bertedoarp Lippenhuzen en nei de ferhuzing nei Grou syn belevenissen hjir. Tongersdei 16 jannewaris sil âld-Grouster Harm Vollema fertelle hoe’t hy as pakesizzer fan eigner Sietse Bijlsma, de op- en delgong fan 'It Izerfabryk' (foto) belibbe hat. Fan oprjochters Van der Made en De Vries oant de oanlis fan de Hellingshaven. Op de leste jûn (tongersdei 5 maart) hâldt Yede van der Veen in fotoquiz oer it Alde en Nije Grou. Nei de pauze sil Joop Spykstra fertelle oer syn famylje, meinammen dy fan memmes kant, de Ratsma’s.