30
aug
Nije website Krite Grou yn de loft
GROU - De nije website fan Krite Grou is yn de loft. Oersichtlik en dúdlik mei in moaie strakke lay-out. Sa kin de hiele wrâld sjen wat Krite Grou allegear út de wei set en by de ein hat. It ûntwerp is fan Jitske Weijers-Velstra fan Fieldstar.
Septimber 2016, noch net in jier lyn, wie de opheffingsgearkomste fan de Krite útskreaun. Mar tiden hawwe tiden. Wat kin der yn in koart skoftke tiid in soad feroarje. De Krite brûst wer fan enerzjy. Net allinnich stiet it programma foar it kommende seizoen as in hûs, ek it Kritetoaniel giet wer los. Grou hat dat acht jier misse moatten, mar it nije bestjoer hat dat wichtige Krite-ûnderdiel mei faasje oppakt en yn jannewaris stiet it Grouster toaniel wer op de planken.