Nije roman fan Gjalt de Groot: ‘Dy ferrekte Grousters!’
GROU - ‘Dy ferrekte Grousters ...’. It wiene de wurden fan in Wergeaster doe’t er it hie oer in Grouster. Hoe koe it dochs dat er dy skerpe en misledigjende wurden spruts? In grutte rûzje, miskien âldsear? Hie Gjalt syn âldomke Arjen, dy’t yn 1909 flechte nei Perû, der wat mei te meitsjen? Dat it lang net lekker siet tusken de beide mannen, reidskarders foar einekuorren, is wol dúdlik.
Gjalt de Groot, sels al syn hiele libben einekoerflechter, skriuwt mei kennis fan saken oer dat âlde ambacht, wol it as in foarm fan Fryske folkskeunst bewarje, trochjaan en sa yn libben hâlde. Mar it flechtsjen is safolle mear as nêstromte biede oan in ein, mear as it bewarjen fan folkskeunst, it is ek in foarm fan ta josels kommen. As jo sitte te flechtsjen dogge de hannen har wurk en kriget jo geast tiid ta tinken. Gjalt naam dy tiid om sa de moaie ferhalen fan fertellers rypje te litten om se dêrnei yn dit boek fêst te lizzen.
Op snein 28 april is de nije roman fan Gjalt presintearre. Syn foariche boek, We strûpe derûnder, wie mei mear as 2.000 boeken de bêst ferkochte Frysktalige roman fan 2021 en 2022. Mei rjocht kin Gjalt de Groot pleatst wurde yn it rychje fan Rink van der Velde en Hylke Speerstra: Fryske folksskriuwers mei in uterst lêsbere styl en werkenber foar de lêzer. Hy nimt jo mei in glimke mei yn syn ferhalen troch it Fryske lânskip. Tichterby Fryslân, en yn dit boek by Grou, kinne jo net komme.