Nije opset Kritetoaniel: fan improvisaasje oant teater
GROU - Bist âlder as 18 jier en wolst wolris meidwaan oan it Kritetoaniel yn Grou? Under begelieding fan Tsjitske Stoer, regisseur en dosint, wurdt der fanút ymprovisaasje in toanielstik makke.
Dit is de opset:
Yn novimber start Krite Grou mei workshops op de sneontemoarn. Under de workshop wurdt dúdlik wat toanielspyljen is en dat it ek foaral om wille giet. Dyn entûsjasme en spontaniteit jouwe dy de kâns om te spyljen op in manier dy't dy ferrast. By aktearjen is alles tastien, útsein elkoar sear te dwaan.
Hast gjin poadiumûnderfining of hast al ferskate kearen applaus hân, it makket net út. Je begjinne alle kearen wer opnij om fan neat, wat te meitsjen. Soms ûntstiet der in moaie poadiumsêne en soms is it wrakseljen mei de ymprovisaasje. It is te fergelykjen mei in sportwedstriid, mar by toanielspyljen kinst net ferlieze.
Nei de workshops wurdt mei de groep repeteard foar in toanielstik. Dizze repetysjes binne yn desimber op tiisdeitejûn en yn jannewaris op sneontemoarn. It einprodukt wurdt útfierd op freed 19, sneon 20 en snein 21 jannewaris 2024 yn Oan ‘t Wetter.
Bist entûsjast en wolst meidwaan?
Jou dy dan gau op! Opjaan foar dizze moaie kâns om mei Kritetoaniel mei te dwaan kin fia in mail nei Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. mei dêryn dyn namme & tillefoannûmer. Nei opjefte wurdt der kontakt mei dy opnaam.
De workshops en repetysjes binne yn it Frysk. Sels Frysk prate hoecht net, mar moast it wol ferstean kinne.