Mearkeploech spilet 'Firolien'
GROU - De repetysjes foar it Sint Pitermearke binne alwer yn folle gong. Under lieding fan regisseur Anja Steegstra binne 12 entûsjaste spilers drok dwaande om ek dit jier wer in prachtich moai mearke del te setten. Neist hurd wurkjen, ha se ek foaral in hiele protte wille en wurdt der hiel wat ôflake! Dit jier is der ek wer in nij talint op de planken te sjen: Grouster Arjen Andringa stoart him fol fjoer yn de repetysjes en jimme sille it sjen yn febrewaris: talint, dat hat er! Dêrnjonken sille der wer spilers meidwaan dy’t oare jierren ek wol ris meispile ha. In prachtige ploech!
It Sint Pitermearke fan dit jier hjit Firolien en spilet yn it bisteryk! Pauwen en mûskes, in ûle, in rôt en noch folle mear bisten sille te sjen wêze! Se kinne prate, laitsje en sjonge, is dat net bysûnder?
Prinses Firolien is it iennige bern fan har heit, Kening Leopold en har mem, keninginne Leontine. Om’t Firolien gjin bruorkes of suskes hat, wurdt se ferskriklik bedoarn troch elkenien. Mar bern dy’t altyd har sin krije, wurde faak ferfelende meunsterkes.. >>
Firolien hat in hiele grutte mûle tsjin har heit en mem. En it personiel hat it ek dreech. Firolien hellet altyd aaklike grappen mei harren út. Se is gemien en ûnaardich. Hoe’t elkenien ek syn bêst docht om it Firolien nei it sin te meitsjen, it hellet allegearre neat út. Mar dan wurdt der op in dei in spegel by it paleis besoarge. Spesjaal foar Firolien. Mar it is net in gewoane spegel, sil al gau blike. As Firolien yn de spegel sjocht, bart der wat frjemds.... Firolien har spegelbyld komt ta libben! Twa Firolienen! As dat mar goed giet...
In ferhaal oer 'immen in spegel foarhâlde'.....
It Sint Pitermearke 2019 wurdt opfiert fan 8 o/m 14 febrewaris yn Hotel Oostergoo. Ek dit jier is der in spesjale famyljefoarstelling op woansdei 13 febrewaris om 14.30 oere. Kaarten binnen fanôf sneon 26 jannewaris 8.00 oere te keap by Bruna.