Mea Stelma nimt nei 30 jier ôfskie fan Hjerstmeldy
GROU - Koarlieder Mea Stelma-Falkena nimt nei mear as 30 jier ofskied fan it koar Hjerstmeldy. UVV Grou betanket Mea foar al dy fijne sjongmiddeis en hopet dat hja noch lang genietsje mei fan har frije tiid. As oantinken krige se in moaie musyksleutel fan glês.
Hjerstmeldy is net samar in koar. “De leden misse nea”, seit Mea. "Dat jout wol oan hoe wichtich it koar is. Sjongen stiet fansels foarop, mar gesellichheid en kontakt binne ek belangryk". It UVV-bestjoer is tige bliid dat Jelly Meijer fan De Jouwer it stokje oernimme wol. Jelly hat konservatoarium dien, begeliedt ferskate koaren en is musykdosinte.
Hjerstmeldy is yn 1968 oprjochte yn gearwurking mei de Unie van Vrijwilligers. It koor hat in oantal kearen meidien oan it VARA-concours en yn Gorssel mocht it koar sels in kear de twadde priis ûntfange.
Tiden hawwe tiden, it koar giet fierder ûnder de namme ‘Sjongnocht’. Manlju en froulju dy’t ek graach meisjonge wolle, binne wolkom op moandeitemiddei yn de menniste tsjerke (Hoofdstraat 44) fan 14:30 oant 16:00 oere.