18
jan
Loovjende reaksjes op 'Eurohotel keamer 719'
GROU - Krite Grou is freedtejûn har toanielwykein begûn yn restaurant Oan ’t wetter. It eigen Kritetoaniel spile twa ienakters yn deselde keamer, mar it binne foar en nei it skoft hiel oare stikken. ‘Eurohotel keamer 719, ien hotelkeamer… twa ferhalen’ hyt it. It binne stikken fan de Amerikaan Neil Simon, en oerset nei it Frysk troch Anne Tuinman.
De akteurs komme allegear út Grou; de rezjy is yn hannen fan Wybe Koldijk, dy’t it ek bewurke hat. De réaksjes fan it publyk wiene tige loovjend.
Foar wa’t it noch sjen wol: sneontejûn is útferkocht, foar sneintemiddei binne der noch kaarten. Mear ynformaasje op kritegrou.nl.