Kritetoaniel spilet 'Eurohotel keamer 719'
GROU - It Grouster Kritetoaniel spilet dit seizoen in bewurking fan 'Plaza Hotel suite 719' fan Neil Simon, oerset troch Anne Tuinman. Rezjy en bewurking troch Grouster Wybe Koldijk. Yn it Frysk hjit it 'Eurohotel keamer 719', mei als undertitel: ien hotelkeamer…. twa ferhalen.
It earste ferhaal giet oer Klaske en Sander Dykstra. Se sliepe jûn yn keamer 719 fan it Eurohotel yn Ljouwert want harren hûs is hjoed opnij yn ’e ferve set en…. o ja se binne hjoed 24 jier troud! Hie harren houlik net wêze moatten? It twadde ferhaal giet oer in houlik dat hjoed begjinne sil. Mirjam, de dochter fan Romke en Nynke Hoekstra, sil hjoed trouwe. Alle gasten binne yn de ‘blauwe seal’ fan it Eurohotel byelkoar. Mem Nynke wachtet yn keamer 719 op Mirjam, dy’t noch hieltyd yn de badkeamer is.
De foarstellings binne op freed 17, sneon 18 en snein 19 jannewaris 2020. Dy op sneon is hast útferkocht. Kaarten fia de site van Krite Grou.