Krite Grou skrast alle foarstellingen dit jier
GROU - It bestjoer fan Krite Grou hat mei pine yn it hert besletten om alle foarstellingen oant jannewaris 2021 te skrassen of út te stellen. Dit ynklusyf it Kritetoaniel yn jannewaris. It programma wie sa goed as klear, mar troch de 1,5 meter-maatregel kinne der te min besikers by. Allinnich de jiergearkomste op tongersdei 1 oktober by Oostergoo giet troch. Nei it skoft sil Auke Zeldenrust dan it bysûndere ferhaal fan in Joadske brulloft út 1939 fertelle dêr’t er yn 2018 it boek ‘De Joodse Bruiloft, een koffer vol oorlogsgeheimen’ oer skreau.
As de situaasje it talit leit der foar de earste moannen fan 2021 alfêst in programma klear. It jeugdtoaniel en it kofjekonsert mei Grytz & Grize moasten yn maart 2020 op it lêste momint ôfsein wurde en binne trochskood nei resp. 27 maart 2021 by Oan ’t Wetter en 11 april by Oer ’t Hout. De al ferkochte kaartsjes binne noch jildich. Hooplik kin RUG op 17 jannewaris en Inez Timmer op 12 maart trochgean, beide by Oostergoo. Fierder wurdt noch socht nei in oanbod dat net ôfhinklik is fan de 1,5 meter. Ek bestiet de hoop dat de jeugd de ynstudearre ienakters fan’t hjerst noch opfiere kin en dan 27 maart mei wat nijs komt.