30
juni
KoperKids winne jierliks Jeugdfestival
GROU - De KoperKids fan brassband Apollo hawwe hjoed op it jierliks Jeugdfestival yn de Harmonie yn Ljouwert de Folkert Fennema Priis (1e priis) wûn. Dat is de over-all priis foar de beste prestaasje op it mêd fan muzyk en showeleminten. Der diene 13 Fryske jeugdorkesten oan it festival mei, mei yn totaal in pear hûndert bern. En de KoperKids hellen ek nochris de twadde priis op it mêd fan muzykmeitsjen.
It wie de earste kear dat de KoperKids -ûnder lieding fan dirigent Piet Visser- hjir oan meidiene. Se hiene har der hiel goed op taret, mar de ferrassing wie der net minder om!
It Jeugdfestival wie dit jier ûnderdiel fan Grutsk (LF2018), in muzykspektakel fan Fryske korpsen, koaren en showbands op ferskate poadia troch de hiele binnenstêd.