09
okt
Jeugdtoaniel sneon live op ynternet
GROU - It jeugdtoaniel fan Krite Grou hie tongersdeitejûn har generale rippetysje! Regisseur Alinda Talsma wie grutsk op de jeugd, se diene it tige goed! Nettsjinsteande dat 't troch corona in heal jier stil lein hat, litte se sjen wat se kinne mei twa ienakters en improvisaasjestikjes.
Moarn (sneontejûn 10 oktober) is dan einlik de echte foarstelling! Foar miskien wol in hiele protte publyk, want eltsenien kin meisjen fia de livestream op it Facebookaccount fan Krite Grou: https://www.facebook.com/kritegrou.
Dus allegear efter de laptop; it begjint om 20:00 oere!