22
juli
Harmen Brouwer spilet haadrol yn Kritestik
GROU - De tonielôfdieling fan Krite Grou is der yn slagge immen foar de manlike haadrol foar it premjêrestik Bravo! fan Haye van der Heijden te finen. It is 34-jierrige binnenfeartskipper Harmen Brouwer. Hy spile yn 2015 en 2016 in glânsrol yn it stik Skippersbitter. Oare spilers binne Jildou Hotsma, Wouter de Vries, Joke Poortman en Tjitske de Vries. De rezjy is yn hannen fan Anja Steegstra.
De Frysktalige ferzje fan Bravo! sil op 19 en 20 jannewaris 2018 yn Oan 't Wetter foar it fuotljocht brocht wurde.