22
feb
Grousters flechtsje einekuorren
GROU - De Strampel, de Fryske Feriening fan Einekoerflechters, organisearret op sneon 25 febrewaris in beurs yn doarpshûs De Trilker yn Poppenwier. Ek in oantal Grousters flechtet mei. Elk is fan herte wolkom om der nei te sjen en in praatsje te meitsjen. Der is in grut ferskaat oan typen en modellen kuorren, sa binne der klaai-, wetterlân-, Trynwâldster -, wylgetiennen - en toukuorren. De beurs is fan 10.00 oant 16.00 oere en fergees tagonkelik.
De Strampel telt 85 leden, dy’t har ynsette foar it behâld fan de tradysje fan it koerflechtsjen. Elk jier dogge se in oantal kuorren kado oan in soarchynstelling of in bernebuorkerij. Dit jier is Donia State yn Stiens de lokkige.