Grouster Lyda Veldstra twadde op FNP-list
GROU - Op 22 novimber binne der weryndielingsferkiezings yn de gemeenten Ljouwert, Ljouwerteradiel en Littenseradiel-Noard. De ynwenners kieze dan de gemeenteried fan de nije gemeente Ljouwert. It ynterimbestjoer fan de trije FNP-ôfdielings yn dy gemeenten hat de boppeste plakken fan de advyskandidatelist foar dy ferkiezings gearstald.
Op nûmer twa fan de advyslist stiet Grouster Lyda Veldstra-Lantinga, op dit stuit fraksjefoarsitter fan FNP-Ljouwert. Kandidaat-listlûker is Jan-Willem Tuininga fan Stiens, no FNP-riedslid yn Ljouwerteradiel. Fierder fine we op nûmer trije Evert Wilstra, in nije Ljouwerter, mar goed yn it politike sâlt bebiten troch syn riedswurk yn Opsterlân. Hinke Roorda út Jellum fertsjintwurdiget mei it fjirde plak Littenseradiel op de list, dêr’t se no fraksjefoarsitter is. Op plak fiif stiet Albert Seldenrust, no Ljouwerter, mar foarhinne Grouster en Redúster, en âld-riedslid fan Boansterhim. >>>
De kommende dagen sil de advyslist noch fierder útwreide wurde. Op 31 maaie wurdt op de algemiene ledegearkomste yn Wurdum de definitive kandidatelist fêststeld.