'Gewoan te Gek' yn jannewaris trije kear op de planken
GROU - It Grouster Kritetoaniel spilet op freed 18, sneon 19 en snein 20 jannewaris it toanielstik 'Gewoan te Gek'. It is in blijspul út 1997, skreaun troch Ton Davids en yn it Frysk oerset troch Janny van der Veen. De rezjy is dit jier yn hannen fan Tsjitske Stoer, ynstekster is Rolien Stapel.
Yn rychjeshûs Huize van Speykstraat yn in wenhiem fan in nijbouwyk wenje fjouwer eks-psychiatryske pasjinten. Troch stipe fan de gemeente kinne de pasjinten mei help fan in terapeute besykje om harren plakje yn de ‘normale’ maatskippij werom te finen. Dan hearre se dat de gemeente de finansjele stipe ynlûke wol. Binne dy lju no hielendal gek! Wa is no gek? De fjouwer pasjinten helje alles út de kast om harren ‘hûs’ iepen te hâlden.
De foarstellings fan 'Gewoan te Gek' binne yn restaurant Oan 't Wetter op Yn 'e Lijte. Freed en sneon begjint it om 20.00 oere, snein om 15.00 oere. Sneontejûn nei ôfrin muzyk fan Berend Riemersma. Kaarten binne te krijen fia kritegrou.nl.