Krystmiddei foar 55+ Grousters
GROU - Op tongersdei 22 desimber is der yn de Sint Pitertsjerke in krystmiddei foar 55+ Grousters. De organisatie is yn hannen fan u.o. Doarpskeamer Grou, PKN Grou-Jirnsum, UVV Grou, Amaryllis en Friesma State. De doar giet iepen om 14:15 oere en it begjint om 14:30 oere. Ds. Marije Hage nimt de besiker mei yn de sfear fan 'Ljochtpuntsjes'; it koar Sjongnocht fan UVV Grou bringt krystrepertoire en it Orkest foar Elkenien lit hearre hoe't it giet mei de foarderingen dy't de musikanten meitsje nei de start yn maart fan dit jier.
Nei ôfrin, om 16:00 oere hinne, is der tiid om nei te praten mei in kop poeiermolke en krystbôle. En der stiet in taske mei ferrassing klear. De tagong is fergees, in frijwillige bydrage is wolkom.
Foar minsken, dy't net nei de tsjerke komme kinne, is it thús te sjen fia https://kerkdienstgemist.nl/stations/2575-Sint-Piter-kerk/events. Ek kin der fansels gebrûk makke wurde fan de GrouMobyl!