FNP stelt fraachtekens by grûnoankeapen De Burd
GROU - Rint de Provinsje mei grûnoankeapen op eilân De Burd by Grou foarút op in eventueel nij kanaal nei Drachten troch de Hege Warren? Dat wol de FNP witte yn skriftlike fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.
De Burd leit op in mooglik trasé fan in eventuele nije farwei nei Drachten fia de Hege Warren. FNP wurdfierder Wopke Veenstra hat grútsjen heard dat der mei grûnoankeapen op De Burd foarsorteard wurdt op sa’n nij kanaal. Lykwols: ‘De Steaten hawwe noch gjin inkeld beslút naam oer sa’n kanaal en der is ek gjin jild foar apart set. It soe ús nuver talykje, nammerste mear omdat der ek noch gjin beslút naam is oer it gebietsproses foar de Hege Warren dat neist De Burd leit.’
Mocht der al sprake wêze fan ‘antisipearjende oankeap’ dan soe it Kolleezje neffens Veenstra mooglik bûten syn boekje gean. ‘Yn de besluten yn 2020 oer de nije Nota Grûnbelied fan de Provinsje is oanjûn dat ‘antisipearjend’ oankeapje allinnich kin as der definitive besluten lizze fan Provinsjale Steaten. En der moat ek jild foar it projekt beskikber steld wêze of in goedkard gebietsproses. Oan beide betingsten is hjir net foldien. Wy wolle dêrom útlis hoe’t dat no krekt sit mei dy grûnoankeapen op De Burd.’