Ferhalen út en yn it Hert fan Fryslân
GROU - As iepening fan it jier 2018, wêryn Fryslân Kulturele Haadstêd is fan Europa, sette op freed 26 jannewaris yn de hiele provinsje musea, tsjerken en inkele húskeamers harren doarren iepen. Fanôf 19.30 oere wurde dan ferhalen ferteld: spannende, frjemde of oandwaanlike ferhalen, ferhalen út it ferline en ferhalen foar de takomst.
Ek Museum Hert fan Fryslân docht mei; in ferhalen-karrûsel mei û.o.:
-Ferhalen fan Marijke (Marijke Eikenaar)
-It ferhaal moat bliuwe (Sybren Boonstra)
-De frachtwein en de patat (Koos van Dijk)
-De duvel fan Earnewâld (Jan van den Bosch)
-De Van Kemenade Express (Rienk de Jong)
-Brieven op rijm aan Sint Piter (lûdopnames fan Hielke van Duuren)
-It pronkstik yn de keamer (Rigt de Groot en Harriët Dankert).
Yn gebou De Boei soargje Sytske Wegman, Alwin Biegel en Erik Veenstra foar muzyk. >>>
Ek yn it Riedhûs en yn de Grifformearde tsjerke tsjinoer it museum wurde ferhalenromtes ynrjochte. In tagongskaartsje foar ien fan de ferhalen kin men fanôf 19.00 oere fergees krije yn gebou De Boei. Nei elts ferhaal kin men dêr dan wer in nij kaartsje helje foar wer in oar ferhaal. Tuskentroch en nei ôfrin kin eltsenien ûnder it genot fan û.o. poeiermolke, glûhwein, kofje/tee en koeke wat neiprate en ferhalen mei inoar útwikselje !
Eltsenien is fan herte wolkom om oan dizze yntime en sfearfolle jûn mei te dwaan.