30
juni
Fear yn ‘e Broek foar Sake Roodbergen
GROU - Ald-Grouster Sake P. Roodbergen, no te Akkrum, hat justerjûn de Fear yn ‘e Broek útrikt krigen. De priis, in oarkonde, wurdt sûnt 1994 útrikt troch de Ried fan de Fryske Beweging oan persoanen of ynstellingen dy’t harren oanhâldend ynset hawwe foar de Fryske taal en kultuer.
De Ried fan de Fryske Beweging is fan betinken dat Sake Roodbergen him al jierren tige ferstjinstelik makket troch alles wat de floara en fauna yn Fryslân te bieden hat, mei grutte saakkunidgheid op tagonkliike wize yn û.o. Frysktalige natuergidsen fêst te lizzen. Ek ferskine yn ferskate media Frysktalige bydragen fan syn hân oer de natuer.