Earste priis foar Grouster Kritetoaniel
GROU - In opstekker foar it Grouster Kritetoaniel. Sneon binne op de feestjûn fan de STAF yn Fean Plaza yn it Abe Lenstra Stadion de toanielprizen 2017-2018 útrikt. Us Kritetoaniel krige foar it stik Chez Cherard 167 punten en wûn dêrmei de earste priis yn klasse C. Spylster Jildou Hotsma naam in sjek fan € 250,- (sjoch foto) yn ûntfangst út hannen fan Peter Tuinman dy’t de prizen útrikte. De Kriich hie dit jier in wat oare opset. De selskippen wiene yndield yn trije klassen, A, B en C. Ek wiene der prizen foar ferskate kategoryen, lykas bêste spiler en spylster, bêste regisseur, bêste technyk en grutste jonge talint. Dy giene allegear oan de Krite foarby, mar it is fansels prachtich dat der nei 8 jier stilstân fuort wer in earste priis yn de wacht sleept is. >>
De selskippen mei de measte prizen wiene dy út Bantegea en Sint Nyk. Sint Nyk wie ek de winner fan de Kriich mei de earste priis yn klasse A. It wie in bysûndere jûn yn Fean Plaza fanwege it 100-jierrich bestean fan de STAF (Stichting Amateur Toaniel Fryslân).