Drummer Wilt van der Kooi fan Skuor ferstoarn
GROU - Op 62-jierrige leeftyd is tongersdei âld-Grouster Wilt van der Kooi ferstoarn. Hy stoar yn syn wenplak Ljouwert, oan in agressive foarm fan prostaatkanker. Mei syn ferstjerren is der ek in ein kaam oan de langst besteande Grouster popgroep: Skuor. De groep spile selsskreaune en selskomponearre Frykstalige rockmuzyk. Letter ûntstiene út Skuor de bands Ype & The Schavers, Honeymoon Thrillers en de Jopie Douma Ferkeapet Jurkjes Band.
Wilt van der Kooi kaam in 1981 bij Skuor. Hij naam it plak yn van Dicky Jonker, dy’t fan 1979 oant 1982 op drums spile. “It wie wol wûnderlik, want Wilt hie noch nea drumt doe’t hy by ús kaam. Mar hy gie sa achter it drumstel sitten en it wie as dat er net oars went wie”, aldus bandlid Kees Wedman (bas en sang).
Kees: “We spilen oant in pear moanne lyn noch altyd ien kear yn de trije wiken mei elkoar. Sûnt 1978 is dat 44 jier. We ha in ferskuorrend moaie tiid hân!”. Neist Kees bestie Skuor út de Grousters Reinder Kerkhof (gitaar en sang), Feike van der Leij (gitaar en sang en letter ek synthesizer en oargel).
“Wy wiene in hechte freoneklup en Wilt syn ferstjerren hakt der wol yn hear”. It ôfskie fan Wilt van der Kooi sil yn besletten rûnte plakfine.