31
jan
Diel 2 fan it Sint Pitersjoernaal: ‘ik hâld fan Sint Piter’
GROU - Sint Piter krijt in brief met de wurden ‘ik hâld fan Sint Piter’. De brief komt net fan Aldemar of fan Sytske. En ek net fan de foarsitter fan it Sint Piterkomitee, Peter van den Broek. Mar fan wa wol? Undertusken ferskynt der op de tsjerke ek ‘ik hâld fan Sint Piter’ te stean. Dat kin dochs net?
Dan siket Sint Piter alfêst Grou op de wetterkaart op..
Sjoch nei diel 2 fan it Sint Pitersjoernaal 2023.