18
jan
Boargemaster Oebele Brouwer haadsprekker bij It Gild
GROU - Tiisdei 6 febrewaris is de 248ste jiergearkomste fan Sikefûns It Gild. It fûns hat yn minne ekonomyske tiden in protte Grouster húshâldingen foar de grutste earmoede behoeden.
Nei it skoft is Oebele Brouwer (63) de haadsprekker. Hy is sûnt 5 jier boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen. Dêrfoar wie hy offisier fan justysje. As parse-offisier waard er lanlik bekind fanwege it ûndersyk nei de moard op Marianne Vaatstra.
Doarpsmanager Alberto Kinderman hâldt foar it skoft in koart ferhaal mei humoristyske ûndertoan oer syn wurksumheden as doarpsmanager. Alberto: “It giet foaral oer de oanloop nei dizze funksje en wat der fan in doarpsmanager ferwachte wurde kin”.