4 Maaie-betinking mei Hessel de Walle
GROU - Op sneon 4 maaie is yn Grou wer de 4 Maaiebetinking. It begjint om 19.10 oere by it âlde gemeentehûs (oan ‘e Stationsweg) mei it lizzen fan blommen by it monumint. Dan folget de stille tocht nei it begraafplak, wêr't ek blommen lein wurde. De stille tocht giet dan nei de Sint Pitertsjerke, wer’t om 19.50 oere de betinking begjint. Om 20.00 oere wurdt twa minuten stilte hâlden. Yn de tsjerke is ûnder oaren sang fan Mingd Koar Grou mei lieten komponeard troch Ilse Weber yn Theresiënstadt (Tsjechië) en foardrachten fan gedichten skreaun troch skoalbern fan groep 8 út Grou.
Sprekker is Hessel de Walle út Eelde. Hij is dwaande mei in boek mei famyljeportretten van de 26 fersetsminsken dy’t op 8 desimber 1944 de Blokhûspoarte oerfoelen en 51 finzenen befrijdden. Dizze saneamde Kreak, waard letter bekind as ien fan de meast spektakulêre finzenisûntsnappingen yn Nederlân. Dat is dit jier 75 jier lyn.
De betinking sil omtrint 21.00 oere dien wêze.