GROU - De lêste tiisdei yn maart waard der ôfrekkene by it Mingd Koar. Dat is de wat âlderwetske namme fan de jiergearkomste. Sa as by eltse ferieniging waarden it jierferslach, de notulen fan de foarige kear besprutsen en fansels de sinteraasje. Ofrekkenje!
En der wiene jubilea te fieren. Nei it skoft fertelde de argyfkommisje hoe ’t hja yn tolve jier it argyf fan it koar hielendal op nij op poaten setten hawwe.
Mar earst oer de jubilea. De âldste jubilaris hie it bestjoer fan te foaren oansketten troch te sizzen, dat er net wer sa ’n gedoch hawwe woe as fiif jier lyn. Doe hie de boargemaster fan Ljouwert, doe noch Ferd Crone, op de ôfrekkenjûn west om him ta te sprekken en te lokwinskjen mei it heuchlik feit dat er 65 jier songen hie. Altyd by de bas. As it doe al wat bysûnders wie, wat kinne wy der dan no, fiif jier letter, fan meitsje? No, Jappie wie er yn elts gefal dûdlik oer west.
Jappie Holtrop, santich jier by it Mingd Koar. Begûn yn 1954, as fjouwerentweintich jierrige. De direkteur, de dirigint, wie yn dy tiid Kor Ket dy ’t it Koar ta grutte hichte brocht. De hjoeddeiske leden wiene yn dat jier noch bern, of hja moasten noch berne wurde. Sa lang is santich jier.
Om oan syn winsk temjitte te kommen hat de foarsitter har taspraak ynkoarte. Hja hat efkes de muoilike tiid oanstippe, dy ’t er hân hat nei it ferstjerren fan syn frou, doe ’t de famkes noch lyts wiene. Hja hat net sein dat Jappie in goeie gymnast wie en dat er him jierrenlang ynset hat foar SSS, de gymnastykferieniging en ek net dat er hurdsylde yn de GWS-skouwen. Yn de útslaggen stie er dan as “Jac.Holtrop”. Sile siet Jappie, as echte Grouster jonge, yn it bloed. Dêrom wie er ek tige bliid mei syn jubileum kado: in glêzen model fan it Grouster skûtsje. Fierder krige Jappie in spjelde en in diploma fan it Frysk Bûn fan Sjongkoaren.
Der wiene noch seis jubilarissen: 55 jier: Tjitske Dijkstra, 45 jier: Johanneke Wilders, 40 jier: Hiske Visser, Alie Hoogeboom en Sybren Boonstra, 25 jier: Gerry Adema.
Wim Eikenaar en Simon Hazenberg fertelden nei it skoft oer it argyf fan it Mingd Koar, dat oant 2020 hielendal beskreaun is. Hja lieten foto’s sjen en kopyen ût de notuleboeken. Hja fertelden oer de foarfallen, dy ’t de leden meimakke hiene, oer prizen, oer processen-ferbaal by de konkoersen, oer reiskes en oer de diriginten.
Al by al in slagge jûn, sûnder dat er ek mar ien noat songen is. En sjonge is al 114 jier it doel fan it Koar en Jappie hat er dus santich fan meimakke.