GROU - 12 Grouster jongeren - 2 ienakters - 10 repetysjes - 120 bekers limonade – 4378 Fryske wurden - 1 koffer - in protte ‘alkohol’ – 29 dropkes - 46 lachsalvo’s - en tal fan ymprovisaasje-oefeningen…
Foar it earst offisjeel yn it programma fan Krite Grou opnommen: in jûn fersoarge troch Grouster jeugd! Njoggen fammen en trije jonges hawwe ein 2019 trije kear byelkoar west om ûnder lieding fan Jan Arendz en Marijke Geertsma te wurkjen oan harren aktearkeunsten. Dêrnei binne der 2 ienakters útkeazen dêr’t de jeugd yn jannewaris mei oan de slach gien is ûnder lieding fan Alinda Talsma. De beide fleurige ienakters binne: ‘Fakânsje’ en ‘Net foar de poes’.
Benijd hoe’t Kees Jan, Jildou B., Jildou H., Jurre, Redmer, Fardau, Wike, Phileine, Emma, Sibrecht, Marthe en Ilselyn (net op de foto) it derôf bringe? Keapje dan in kaartsje troch in mailtsje te stjoeren nei Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. en notearje sneon 28 maart yn jo aginda! Lokaasje: Restaurant Oan ’t Wetter; tiid: 20.00 oere; priis: 5 euro.