GROU - De kop liket slimmer en spannender as it werkelik is, want it giet net oer in minske. Mar wol oer in ferieniging fan minsken. It Grouster Mingd Koar. Foar de leden en foar de fans is it wol spannend.
De pasjint is betterjend en wol wer fan it bêd, mar nei hûs, dat kin noch net, nee earst revalidearje. Revalidearje yn de Roomske tsjerke fan Jirnsum. Dêr kin oardel meter ôfstân hâlden wurde en kinne alle leden yn ien kear mei inoar sjonge. Dêr kin de roast fan de stimbannen skjirre wurde. En as it spul wer glimt, kin it ynfetsjen begjinne om de saak wer soepel te krijen. De masinist, dirigint Hans Algra, sil der grif faker as ien kear mei de oaljespuit by del moatte, mar dat hindert neat. En in lytse transfúzje kin ek gjin kwea, nije leden binne tige wolkom. Dy kinne moai meinaam wurde yn it opglânzjen fan de stimmen.
Sân septimber sil it wêze, op tiisdei, de fêste oefenjûn fan it koar. It sil wol wenne moatte yn it revalidaasje oarde, mar de oare kant is dat it koar oeral wol song hat, ek yn romten dêr ’t de akoestyk folle minder wie as thús, de Fermanje yn Grou, as yn de eigen konsertseal de Sint Piter.
De pasjint wol hiel graach, mar hat it net yn eigen hân. Want gjinien wit hoe it der begjin septimber by stiet. It soe samar oer gean kinne. Dat is dan in rare ôfknapper, want wat langer de pasjint op bêd bliuwt, wat mear kâns... Mar deksels fleurich op, want dan kin takomme jier op De Grouster: 110 jierrige oerlibbet Corona.
(Ynstjoerd berjocht fan It Grouster Mingd Koar. Hjir mear ynformaasje.)