Repetysjes foar 'It Lân fan Neat' binne los!
GROU - Al liket it noch fier fuort: de repetysjes foar it Sint Pitermearke 2018 binne alwer yn folle gong! Sechstjin spilers sille ûnder regy fan Anja Steegstra 'It Lân fan Neat' foar it fuotljocht bringe. Krekt as ferline jier sil muzikant Remko Hoitsma de spilers muzikaal begeliede. De spilersploech is ek dit jier wer ferrassend te neamen. Bekende gesichten fan ôfrûne jierren, in oantal âlde rotten yn it fak, mar ek wer nij, jong talint dy’t foar it earst meispylje sille! Meiïnoar mei de ynset fan in grutte ploech produksjemeiwurkers hoopje sy ek dit jier wer in súksesfol mearke mei in hiele protte humor del te setten!
Yn it Lân fan Neat mei neat. Hielendal neat. De kening fan it lân, Kening Niksnakkesnada III regearret mei hurde hân. Der binne allegearre rigels: it folk mei net laitsje, net lûdop prate, de bern meie net boartsje of nei skoalle ta en de grutte minsken meie allinnich mar ite, sliepe en wurkje. >>>
De soan fan de kening, Prins Niksnakkesnada IV hat net folle nocht om syn heit op te folgjen. De kening hat syn frou de keninginne ek al fuortstjoerd om’t sy har net oan de rigels hâlde. Mar hoe as de prins ek besiket om syn heit ynsjen te litten dat it oars moat, it slagget net. It is mar in deade boel yn It Lân fan Neat….
Mar dat feroaret as de Deagewoane Dames út in Deagewoane Stêd mei harren nicht Lineke op kampearfakânsje binne en harren tinte opslaan yn It Lân fan Neat. It wurdt suver mar in gesellige boel! De Deagewoane Dames betinke in plan om It Lân fan Neat te feroarjen yn in Lân fan Al Wat. Mar of dat slagje sil…