Nije minsken by it Sint Piterkomitee
GROU - Nei 9 jier hat Harold Kramer ôfskie naam as parsesjef fan it Sint Piterkomitee. Hy krige fan foarsitter Peter van den Broek blommen en in flesse reade wyn mei opskrift. Trochdat de taken fan de parsesjef yn de ôfrûne jierren sa útwreide binne, is der in kommunikaasjekommisje foar yn de plak kommen. Dy hâldt him dwaande mei parse, websiteûntwikkeling, social media en de promoasje fan û.o. it mearke en de Sint Piterbeurs. It nije bestjoerslid Geke Bosma sil dat koördineare. Ek ponghâlder Nynke Andela hat ôfskied naam. Har taken binne oernaam troch Jacob Visser.
It Sint Piterkomitee stelt him noch wer foar mei in groepsfoto, makke in de basisskoallen. Efterste rij (v.l.n.r.): Leida Hemstra (De Twa Fisken, koördinaasje skoallen & berneopfang); Annemieke Nijp (Nijdjipskoalle en Sint Pitermearke); Mathilde Heidema (sekretaris); Niels Andela (koördinaasje & feiligens); Sjoerdsje Andringa (BCG); Jacob Visser (ponghâlder); Linda Buwalda (koördinaasje oankomst en útswaaie); Peter van den Broek (foarsitter). Yn de skommelskou (v.l.n.r.): Romke de Jong (koördinaasje & feiligens); Marlou Entzinger (Sint Piterfroulju) en Geke Bosma (kommunikaasjekoördinator).