Chez Cherard slút winterprogram Krite ôf
GROU - Krite Grou hat it winterprogram 2017-2018 ôfslúten mei de komeedzje Chez Cherard, in fertaling fan Bravo! fan Haye van der Heyden. It wie 8 jier lyn foar it lêst dat Krite Grou mei in toanielstik op de planken stie. Mar Harmen Brouwer, Wouter de Vries, Jildou Hotsma, Joke Poortman en Tsjitske de Vries hawwe ûnder rezjy fan Anja Steegstra wat moais sjen litten. Se spilen it stik freed- en sneontejûn mei in protte sukses yn Oan 't Wetter. Beide jûnen en wie der musyk fan No Limits. Allinne sneon wie it útferkocht; doe wie der gesellichheid oan't yn de lette oerkes.
Chez Cherard wie it lêste ûnderdiel fan dit Krite-winterprogram. Dit fanwege de aktiviteiten fan Stifting Gabe Skroar, dy't yn it kader fan Leeuwarden-Fryslân 2018 dit jier in skala oan kulturiele aktiviteiten (it Halbertsmajier) yn Grou organisearret. Yn it winterskoft 2018-2019 giet de Krite mei faasje fierder.