15
mrt
Krite Grou: Grytz & Grize - Kofjekonsert
Grytz & Grize wurde hieltyd populêrder yn Fryslân. Grytsje Melchers (Grytz) en Douwe van der Werff (Grize) sitte dan ek bepaald net stil en ûntwikkelje har aloan breder.
Op dit kofjekonsert sjonge Grytz & Grize eigen Frysktalige lieten foar ús en in tal Ingelsktalige covers. Ek krije we in pear nûmers fan it projekt ‘Boudewijn de Groot yn it Frysk’ te hearren. Boudewijn omskreau it nûmer Moarntiid earder as ‘de beste bewerking van Avond die ik ken’.Wy ûntfange Grytsje en Douwe mei fiolist Vincent van Dam en sellist Carel van Leeuwen graach op 15 maart foar in kofjekonsert yn Grou.
- Tijd: 11.00 oere
- Locatie: Het Theehuis
- Kosten: Leden: € 10,-. Net-leden: € 12,50.
- Meer Informatie: https://kritegrou.nl/