GROU - Dizze freed (17 novimber) is de Ferhalejûn. Rûnom yn de provinsje wurde ferhalen ferteld, en jim kin fergees harkje nei dizze persoanlike ferhalen. Krite Grou hat dit yn Grou opset. Der binne 8 fertellers dy’t in ferhaal fertelle op 4 lokaasjes; de Sint Pitertsjerke, de pastorie, it Kategisaasjelokaal en de kosterswenning. De jûn begjint foar elkenien yn de Sint Pitertsjerke om 19:45 oere. Dêr wurdt de yndieling yn groepen makke en wurdt de 1e lokaasje fan ‘dyn’ groep bekend makke. Hjir begjint it 1e ferhaal om 20:00 oere. Op eltse lokaasje binne twa ferhalefertellers en jim as harkers gean alle lokaasjes by del. Elts ferhaal hat as tema ‘Myn reis’ en duorret sa’n 8 minuten. Nei 2 lokaasjes (dus nei 4 ferhalen) is der in koarte pauze yn de tsjerke. Hjir is tsjin betelling wat te drinken.
Der binne ferhalefertellers yn de leeftijd fan hast 20 oant oer de 80..! Dit binne se, mei de titel fan harren ferhaal:
· Sybren Boonstra, ´Langst nei de einder´
· Jenne Wierstra, ´Een reis naar Moskou´
· Grada Stoker, ´Gehaktballen en Nasi Goreng´
· Rob Zwager, ´De schets van het reizen´
· Ezra van Assendelft, ´Ontmoetingen die mijn reis compleet maakten
· Jessica de Haan-V/d Ploeg, ´mijn bijzondere reis in 1973´
· Mare van der Heide, ´Mijn reis´
· André Philips, ´Onze reis met Tom´
Bist benijd nei de ferhalen en wolst hjir by wêze? Mail dan gau dyn namme oan Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. (mei derby it oantal harkers).